maandag 26 april 2010

Jacobs skulp

It hiele ôfrûne wykein hast mei sjongen dwaande west, mar it hat dochs noch 25 fyts km opsmiten troch de ritsjes nei Itens en Easterein. Snein te middei ergere oan it sjongpeil yn Easterein. Ut boazichheit ferskuorrend hurd nei hûs fytst. Koe de tritich op 't lêst nei mear hâlde, mar it helpt om de spieren sterker te meitsjen. Totaal no 570 km fytst fan ôf 1 april. Fan de lange tocht fan foarich wykein nei gjin lêst hawn. Dat is goed foar it selsvertrouwen.

Justerjûn bij Jan en Tsjitske yn Wommels west. Sij geane op 1 maaie fuort nei Santiago. Hij rint, sij rydt yn in kamper mei en rint sa no en dan. Ergens bij Maastricht sil ik se ynhelje. We hawwe ôfpraten om dan fan te foaren even te beljen, om sa in nachtsje op deselde camping te stean en de earste ûnderfinings út te wikseljen. Sneon om njoggen oere geane se fuort nei 't se yn de Jacobitsjerke de pylgersseine meikrigen hawwe. Fansels is harren earste stempel dy fan de eigen oan Jacobus weide tsjerke.

Fan Tsjitske krige ik in prachtige grutte skulp dy 't foar op myn stjoertaske befêstige wurde kin. Se hie der in hânfol fan opskarrele yn Skotlân en meinommen nei Fryslân. Hartstikke moai!