donderdag 14 april 2011

Oer trije wiken ûnderweis nei Sicilië

As alles goed giet landt ik op 9 maaie jûns yn Trapani op Sicilië. Twa dagen dêrfoar fyts ik nei Eindhoven, om dêrwei mei de fyts yn in doaze mei Ryanair te fertrekken.
Hoopje dat myn linker knibbel dan wat minder dik is, mar it sakket net hurd ôf.
Hast trije wike lyn, makke ik in beste smak, doe 't ik it grind yn in bocht oer de kop seach. De slymbeurs oer de 'knieschijf" hinne is dik, ûntstutsen en dat is in langdurige saak as ik de internet dokters leauwe mei. Net folle trochbloeding, dus traach herstel. Mar noch hieltyd gean ik der fan út dat it minsklik lichaam in soad reparaasje setsjes yn hûs hat. Lêst haw ik der fierder net fan, kin prima rinne en fytse ek wol, al haw ik no al 4 wiken nauwelijks mear fytst.

Bedoeling wie earst om nei de Noardkaap. Fascinearjend lânskip, foaral yn it noarden fansels en ek bysûnder dat op ein juni de sinne dêr altyd trochskynd. Mar der waard in famylje reunie pland op 16/17 juni, dus moat ik dan wer yn Nederlân wêze. Ik soe dan fiersten te betiid nei Scandinavie moatte. Net geskikt: kâld en dêr haw ik ferline jier al te folle lêst fan hawn, doe 't ik nei Santiago fytste.
Dus de plannen omsmiten en betocht om nei it suden ta. Op strún nei goedkeape tickets, kaam ik op it idee om foar in prikje fan Eindhoven nei Trapani te fleanen. Op 4 maaie moat ik noch sjonge as tenoar bij in Frysk Requiem yn Boalsert, dus is de ticket besteld op 9 maaie.
Mocht ik al in lêst krije fan de knibbel dan kin ik altyd it programma omsmite en mei trein as fleantút earder thus komme, mar nei Sicilië gean ik seker. Gemiddeld is it der begjin maaie 22 graden: Moai fytswaar.