dinsdag 27 april 2010

Credential

Hjoed is myn credential arriveard. It documint wêr 't de stempels op sammele wurde kin, sadat ik yn Santiago it bewiis helje kin dat ik de pylgerstocht fytst haw.
It jout ek rjocht op ferbliuw yn de saneamde 'refugio's yn Spanje. Mar dêr jild, dat rinners foar fytsers geane. Dit jier binne der mear as oare jierren, haw ik fan Jan in Tsjitske heard, omdat 2010 yn bysûnder jier is. Dus drokker op de route en dus miskien mear kampeare.
Fytse? Hjoed allinne hin en wer nei de JUMBO. Keninginnedei stiet foar de doar, dan mar wer wat kilometers op it sadel sitte.