vrijdag 15 april 2011

Nei Boalsert op en del

Hjoed nei Boalsert fyts en dat gie prima. Undanks in centimeters dikke bobbel op de knibbel gjin lêst fan it gewricht. Juster twa fytsboekjes kocht, sadat ik fan Rome ôf de "Reitsma routes" oppakke kin. Kocht yn Apeldoorn, de man woe se wol even yn Ugchelen bringe, wêr 't ik de earste dei bij freonen sliepe sil. No trije wiken hast net fytst, sil besykje de kommende dagen it fytsen wer wat op te pakken en te sjen hoe as de knibbel der op reageart. De route besuden ROME is lêsticht. De Cyclopista del solo is moai, mar it stik ûnder Rome is noch net útjûn. Ik haw al in moai rygje plaknammen, mar dêrmei belannest al gau op de gruttere diken. Oare mooglikheit is om hearlik 10 dagen rûn te fytsen op Sicilïe en dan mei de ferry nei Napels te farren.