maandag 17 mei 2010

Oer tsien oeren

Noch even sliepe, foar safier dat wol en dan bringt Tineke my nei St. Jabik. Drok de lêste dagen. Noch fanalles foar elkoar meitsje wolle. It measte fan de checklist sit wol yn de fytstassen, wat noch net klear is, keapje ik ûnderweis noch wol. Haw dochs noch mar in extra fleece trui mei nommen. Moarn keapje ik ergens in flacon mei sjippe (foar waskje fan mysels en de klean) in fleske oalje foar de bakkerij, sâlt, oploskofje en in skriuwboekje. De lader noch in kear oan de tillefoan en moarn net ferjitte.

Fan 'e jûn útfûn hoe as ik de tinte hartstikke fêst op de bagagedrager bine kin. Gewoan mei in sterk stikje nylon tou, mei in extra luske deroan, om it noch even goed oan te heljen...Dat jout grif in stik extra stabiliteit. Moarn sille we it gewaar wurde.
Haw net mear belle om in Wommelser 'Jacobi'- stempel. Ek net nei St . Jabik om te sjen wat dêr mooglik is. It is der allegear by bleaun. Mar ik wit dat ik der west bin en dat is it wichstigste.

Fan doel om moarn op it waarmst fan de dei my earne del te jaan. Wat lêze, ite en drinke, miskien in tukje dwaan. Gok sa op in lette oankomst op in camping, om sa al ridlik gau yn de sliepsek te kinnen.
No earst sliepe