woensdag 23 juni 2010

woensdag 23 juni 2010




Op dit moment twa dagen thús.
Ek fannacht haw ik foar myn gefoel de hiele nacht noch oan it fytsen west. Myn camino is noch net foarby...
Justermiddei fansels even nei mem ta. Wat kerweikes dien en oan de kofje.
Doe gie de tillefoan.
"Der is hjir immen dy 't dyn namme stean sjoen hat yn in kathedraal yn Frankryk. It is in ferrassing". Dus ik (op de fyts) nei hûs ta en ik stap tige benijd nei bûten, want foar it earst wie it ris oangenaam boppe de tweintich graden. Tige ferrast bin ik as ik der immen sitten sjoch wer mei 't ik it kontakt in jier as 6/7 ferlern haw, omdat er ferhuze, oare wegen yn syn libben gean woe. Hij hie fiif wiken rûn fan Le Puy nei de Pyreneeën en kaam tafallich yn de kathedraal fan Cahors en seach dêr tafallich yn it gastenboek. Dêr hie ik in tal wiken earder myn namme setten yn it gastenboek op oanstean fan in âld mantsje dy 't mij sa hertlik ûntfong dat ik him eins neat wegerje koe. Doe 't ik nei hûs fytste tocht ik daliks oan dat plak, want ik hie de moarns noch it nederlânstalige papier mei de stempels fan Cahors út myn foartaske opfiske. Ik hie it âld mansje beloofd dat ik de tekst fan it 'gebed voor de pelgrim' nochris besjen soe.
It wie in âlderprachtigste moeting justerjûn. It levere tige iepenhertige gesprekken op, wêrfan 't beide fûnen dat dit ris faker dwaan moatte soenen.

Werom blik.

Foar in part moat alles noch wat besakje, mar ek in soart haw ik al earder op in rygje besocht te setten. Ik haw yn de ôfrûne fiif wiken bysûndere dingen mei makke en sjoen.
Prachtige lânskippen sjoen. Ek de Nederlânske LF paden (lange afstand fietspaden) sprutsen mij tige oan. Der leit dus noch 6500 km op my te wachtsjen...

It temperatuer wie op inkelde dagen nei fiersten te kâld. Wol tige geskikt om te fytsen, mar net om even te sitten. Daliks wer klean oan, om te net beklomjen. Op campings sit dan dus ek elk safolle mooglik binnen, rjochtet de skûtelantenne op 't suden en sjocht wer nei RLT4....

Undanks dat ik best wit dat it om 'it ûnderweiswêzen' giet bliuw ik rjochte op elke dei flink wat arbeid te fersetten. Der moat wat gebeure. Dus earne hingjen bliuwe is der net fan kaam. Rustdagen hat ik ek net oan dien. Miskien soe dat mei in maat wol oars ferrinne kinne. Mar dy haw ik ûnderweis net fûn.

Foar my is dit grif net de lêste kear.
'kWol takom jier dizze reis best wer meitsje. Ik kaam ek in soad fytsers tsjin dy 't it foar in twadde as tredde kear diene. Ek bij de rinners kaam dat foar.

Twa opties hie ik betocht: Sjongend as rinnend
  • Takom jier mei (minimaal) in sopraan, in alt en in bas. Fia de westelike route op de fyts nei Santiago. Mei elkoar fytse is in kwestie fan achterelkoar oan fytse. Ofspraken meitsje oer wer hinne, dei ôfstannen op sa 'n manier dat it foar elk oangenaam bliuwt.
    Jûns en oerdei kinst dan hjir en dêr besykje om mei elkoar fjouwerstemmich te sjongen. Dat kin yn de tsjerken dy 'st oerdei tsjinkomst as yn oare romten.
  • Rinnend, mar dan fanôf der Pyreneeën. Fanút Nederlân is it al gau 4 moanne, dat is tige lang. Boppedat is it beselligste part de twadde helte. Eventueel fanôf Le Puy as Vezelay/ Nevers.
    Dit soe prima allinne kinne, mar eventueel ek wol wer yn kombinaasje mei boppesteande opset.
Wat ik dúdlik mist haw is de ferdjipping troch kontakten mei oare minsken. It wie der wol de
gelik, mar ek hiel faak net. Ik haw wol ferskeidene kearen pracht minsken troffen, mar dan stapte ik nei in kertier wer op de fyts en sij diene de rêchsek wer op en dan seagen we elkoar nei wer. Skande, want faak wie der noch safolle te bepraten.
Fan rinners hearde ik ek wol dat se graach in flink part fan de dei hearlik allinne rûnen. Oars kin it sa wêze dat de holle dy jûns te fol sit mei gedachten en ferhalen. Derom is it ek lekker om allinne te rinnen mei dyn eigen gedachten. Jûns kinst elkoar wer opsykje. Dat kinst ek ôfprate om sa de tried wer op te pakken. Mar guon rûnen ek wol dagen mei elkoar op, wat mei en sûnder praten kin.

Uteinliks is rinnen de ienige echte minslike tempo. Boppedat binne de measte paden frij fan de diken. Do binst gjin dielnimmer oan it ferkear. De fytser dy 't asfalt folget en snelheden hat tusken 7 en 50 km oere is dat eins konstant. Dat ferget al in soart fan syn oandacht tidens de rit.

Ik haw diverse boekentitels en website krigen wêr 't ik de kommende tiid nochris mei oan de slach wol, as gefolch fan petearen mei minsken dy 't ik moete haw.
Der komme dus noch wat sturtsjes achteroan.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten